Blog Karen Bies op Oare Wurden: Belmullet #1: McDonnells

logo.ensafh

Se hie it hûs al himmele, mar doe kamen de timmerman en de skilder noch in kear, dus no is it wer stoffich en rûkt it nei ferve. Mei de hân strykt se oer it formica fan de nije bar yn ‘e keuken. Arlene is bliid mei de redecoration. It hûs, eigendom fan it kulturele sintrum Áras Inis Gluaire yn Belmullet, wurdt sa no en dan in nacht brûkt troch in artyst dy’t dêr optreedt. Mar no foar it earst sil it foar langere tiid bewenne wurde. Troch my. Twa moanne mei ik hjir trochbringe en mei myn boek oan ‘e gong.… Lês fierder

Masterclass Toanielskriuwen troch en by Bouke Oldenhof yn ’t kafee Rolbrêge

logo.ensafh

De graachte om te begjinnen striele Bouke Oldenhof út ’e eagen doe’t wy by him oan ’e tafel skoden yn it suver museale kafee Rolbrêge. “Langer as in kertier praat je noait mei in kollega oer je fak.”
Twa oeren fierder wie er eins noch net útpraten, mar op it lêst moatte der oan dingen in ein breide wurde. Doe hienen wy lykwols al in bulte tips en trúks heard fan de man dy’t mear as tweintich jier fan syn skriuwen bestean kin. Hokker Fryske proazaïst of dichter kin dat ek sizze?

Lês fierder by It SkriuwersbounLês fierder

Blog Daam de Vries: Suteljen is wat oars as fergaderjen

logo.ensafh

It is in nuver spul en wat langer ik der oer neitink wat idioater it wurdt: ik sil meidwaan oan ien aktiviteit yn it ramt fan it Kulturele Hoofdstadje. Dat is net bêst. Mar ik kin it útlizze.

Ik siet fan ‘e wike om wat oars op ‘e Feestboektsjet en doe waard my ynienen frege oft ik wol genegen wie om efkes efter de bar te stean. Ik sit leaver oan de oare kant fan de bar mar dat kin no ienkear net altyd. En omdat it organisearjend komitee dêr’t ik ek in soartemint fan lid fan bin dan sit te blazen en ik krekt fan dy aktiviteit frijsteld bin ha se betocht dat ik wol efter de bar stean kin.… Lês fierder