It Frysk is net fergees. It is nuver mar as oer it Frysk praat en skreaun wurdt, giet it eins altyd daliks oer jild. Dat wit ik noch wol út de tiid dat ik belutsen wie by petearen oer gemeentlike beliedsplannen Frysk. Men krige altyd it gefoel dat der eins net te folle oer it brûken fan it Frysk yn stean moast en dat wat der wol yn stie, eins net te folle jild mei muoid wêze mocht. Dy diskusjes oer it brûken fan it Frysk en wat al en net opskreaun wurde moast yn rieds-, koälysje- en kolleezjeprogramma’s ha we grif krekt wer hân.… Lês fierder