Ferhaal Lomme Schokker: It mantsje yn it wâld – diel 1

logo.ensafh

Op de geastgrûnen tsjin de dunen, yn de himrik fan Skagen, wenne in grize man dy’t al jierrenlang net werom west hie nei syn bertegrûn yn Fryslân. Dat siet him mei de tiid mear en mear yn de wei. Yn syn troebele langsten woe er graach noch ien kear syn Fryslân werom sjen. Ien lêste kear. Wat dagen letter rûn er yn de bosken fan Oranjewâld, op noch gjin kilometer fan wêr’t er berne wie. Hjir, tusken de mânske bûkebeammen, breedútstekkende iken en hoeken fol leechhout gie er op in omfallen beamstam sitten en folge yn gedachten syn ferlerne fuotstappen.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

‘The Train to Monastir’ fan André Looijenga

logo.ensafh

This is André Looijenga’s description of the creation work that he did for Other Words in Bitola, Macedonia:

“My travel short story “The Train to Monastir” is based on my journey by train and bus between Budapest and Bitola in June 2016. I have intertwined my impressions of landscapes, cities and crossing borders and chance encounters with other travellers and local people with recollections of the history of the Balkans, especially to the last half century of Ottoman rule in Macedonia.”

Lês fierder by Other Words

Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Minke

logo.ensafh

Sykjend geane har fingers oer de tafel. It getik fan de neils op it tafelsblêd jouwe argewaasje. ‘Oan wat oars tinke.’ hâld ik my sels foar.

Ik sjoch nei bûten, de lju rinne stadichoan nei hun ôfspraken yn it sikenhûs. It is in einleaze stream dy de hiele dei troch gean sil. Taksjes, rollaters en berneweinen wikselje elkoar ôf. ‘Is er dan net ien sûn minske mear?’ freegje ik my ôf.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder