Blog Lomme Schokker: Wat kin it skille

logo.ensafh

Rink! Keardel, wat ha ik dy yn tiden net sjoen. No silsto in slokje fan my ha, fuortdaliks! Watsei, is it tsjintwurdich in deade boel yn de kroech? Wat wolst, de minsken lizze de hiele jûn thús te netfliksjen, of op de snoadfoan it lêste kulnijs te like-jen. Do moatst mar net sa lûd prate, ik kin dy hiel goed ferstean. Want ik ha sûnt ferline wike in gehoarapparaat. Sjoch ris, moai guod net? En dat is krekt wêrom ik no by de frou wei bin. Hoe’t dat sa kin sil ik dy fertelle, ast it mar net opskriuwst.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Besprek ‘Salang’t de beam bloeit’ troch Abe de Vries

logo.ensafh

De earste sin fan de achteroptekst jout al in wat ûngemaklik gefoel. ‘De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân.’ De ferûnderstelde eigenheid fan de provinsje is wat it nije lesboekje oer Fryske literatuer foar it middelber en heger ûnderwiis en foar toeristen, it yn mar leafst fjouwer talen publisearre Salang’t de beam bloeit, it belangrykst achtet om út te dragen. Fryske skriuwers skriuwe ‘oer harsels, oer har taal en oer har lân’, stiet dêr ek. Blykber net oer algemiene, gongbere literêre tema’s. Fryske skriuwers skriuwe yn tsjinst fan it heitelân, tsjintwurdich ek wol neamd: de provinsje Fryslân. Beoardielje in boek net op syn achterflap, sizze se, mar skoalbern binne mar warskôge mei sokke Fryslân-reklame.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Central Commission Flat Bottom Ship Sailing

logo.ensafh

Taal, it wie de ôfrûne wiken in soad yn it nijs. Op de Nederlânske universiteiten wurde al mar mear yn Ingelsk skreaune stúdzjes oanbean en dêr komme minsken tsjin yn it ferhef. It Nederlânsk as taal wurdt fansels krekt sa goed as it Frysk sa stadichoan oan alle kanten ynfiltrearre troch it Ingelsk. Sjoch mar nei alle eveneminten dy’t dizze simmer yn ús provinsje barre.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder