Blog Daam de Vries: Oes Omroep, Oes Taal seit ‘Doei, doei!’

logo.ensafh

Dit jier is De Bogt fen Guné it toaniel fan fjouwer PC Kafees. Fan’t simmer nimt Radio Eenhoorn sa goed as alles oer fan Oes Omroep, Oes Taal. Trije fan de útstjoeringen binne by de lokale stjoerder Radio Eenhoorn te hearren en in dei foar de PC, op tiisdei 31 july, wurdt de rige ôfsletten by Oes Omroep, Oes Taal op de radio wat foar dy lêste in ynspanningsferplichting fan komsa is.

Lês fierder by DaamLês fierder

Petear mei nominearre foar de Rink van der Veldepriis Willem Schoorstra

logo.ensafh

Geart Tigchelaar, Willem Schoorstra en Nyk de Vries binne nominearre foar de Rink van der Veldepriis 2018. Hedwig Terpstra hâldt foar de Breeduit fraachpetearen mei de nominearren. Klik hjir foar it petear mei Willem Schoorstra.

De eardere petearen mei Geart Tigchelaar en Nyk de Vries steane respektivelik hjir en hjir. De fraachpetearen binne yn pdf.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Mearkes yn it Súdwesthoeksk

logo.ensafh

Mearkes, dat binne ‘sprookjes’ fansels, en dy hearre by in beskate tiid. Hokker tiid dat is, dêr binne we gau út. Wy hoege allinne mar oan in pear wrâldferneamde skriuwers fan mearkes te tinken en dan witte we it. Ik begjin mei de bruorren Grimm. Dat binne Jacob en Wilhelm Grimm dy’t beide ein achttjinde, begjin njoggentjinde iuw yn Dútslân wennen en wurken. It wiene beide taalkundigen, dy’t namme makken mei it sammeljen en skriuwen fan mearkes. Tink oan: Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Krekt wat letter wenne en wurke Hans Christiaan Andersen yn Odense yn Denemarken. Mearkes fan him binne: It ûnsjogge Pykje, De Lytse Wetterfaam en It Lytse Famke mei de Swevelstokken.… Lês fierder

Abe de Vries: Ontwikkelingen in de Friese poëzie, 2013-2017

logo.ensafh

Demonen in een vertrouwd landschap

Ontwikkelingen in de Friese poëzie, 2013-2017

In de Nederlandse provincie Fryslân wonen een kleine 700.000 mensen van wie 350.000 het Fries als moedertaal spreken. Friezen schrijven bijzonder graag dichtbundels. Er is één Friestalige inwoner van Fryslân op 49 Nederlanders in Nederland, maar de verhouding tussen het aantal Fries- en Nederlandstalige bundels dat verschijnt is ongeveer 1 op 20. Die tussen Fries- en Nederlandstalige debuutbundels zelfs 1 op 5.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder