Wy moatte fan it gas ôf. Dat fine alle Nederlanners sa njonkelytsen. Earst wie dat net sa bot mar om’t der ferline wike ien en oar begûn te skodzjen is it folkje aardich wekker wurden. No ha wy dat hjir wol faker en meast saksearret de pine aardich gau.
Hoe djip de pine sit ha’k myn twifels ek wol wat oer. Want ek elkenien fynt dat de ljip weromkomme moat mar oft jo har dan foarlizze dat de reistiid Ljouwert-Drachten dan bygelyks twa minuten langer wurdt om’t jo oer de doarpen toffelje moatte dan wiist it al gau oars. Soks is fansels ek net bêst oft jo deis 80 kear op en del moatte en op ‘e emoasjes ôfgeande moatte de measte Friezen dat.… Lês fierder