Kollum Willem Schoorstra: Froulju binne twadde soarte

logo.ensafh

Bêste minsken, ik hoopje dat jim Ald en Nij wer oerlibbe ha. It is altyd wer nuodlik, sa’n twadeiske oarloch. Deaden, ferwûnen en fernielingen op grutte skaal hearre der krekt sa by as oaljekoeken, selsmakke slaadsjes en tefolle konferenses.

Eartiids wie Ald en Nij allinne ynteressant foar de earmen. Dy giene biddeljend by de doarren lâns om iten en branje, om sa de winter troch te kommen. It karakter fan Ald en Nij feroare yn de jierren 50 fan de foarige iuw, doe’t elektrisiteit beskikber kaam. Mei de kuolkast, djipfries en ferwaarming waard it yn rap tempo in lúkse barren. Dêr’t oaljekoeken bygelyks ornearre wiene as fette hap om waarm te bliuwen –makke fan yngrediïnten dy’t de hiele winter goed bleaune– binne dy no allinne noch in goeie boaiem foar it ynnimmen fan alkohol.… Lês fierder