Blog Daam de Vries: Flaaksbrechje

logo.ensafh

In brêge fan flaaks. It sil mooglik wêze. Sels ha ik allinnich ûnderfining mei skeaven en ik doar hast wol te sizzen dat mear as 66% fan jim dat net hat. It moat ûnderwilens sa’n fjirtich jier lyn wêze dat ik dêr mei de boer oer gear wie. De boer sels wist ek net heal hoe’t soks moast dat wy hiene der ek noch in adviseur fan in jier as tachtich by al kin ik mei dy leeftyd sjoen myn eigen fan doe wat mis wêze. Hoe dan ek, wy ha dêr in pear dagen yn dat guod omskuord. Hoe’t it finansjeel beteard is wit ik net mar nei dy tiid ha ik nea wer flaaks sjoen.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Frijtinke is fûgelfrij wêze

logo.ensafh

In treffend berjocht, sa flak foar de krystdagen: it geweld tsjin net-leauwigen, agnosten en frijtinkers wurdt ekstremer. Se wurde fûleindiger diskriminearre, efter sitten en sels deade. Dat blykt út it Freedom of Thought Report 2017 dat de Ynternasjonale Humanistyske en Etyske Uny yn it Europeesk Parlemint presintearre.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Janblogger: Jins ferwurdende lea

logo.ensafh

Ien fan ’e meast traumatisearjende aspekten fan it âlderwurden is it belul dat wy net mear deselde lea hawwe dy’t wy hiene doe’t wy 21 wiene. Alteast, ikke. Hoenear’t ik in stoartbad nim, sjuch ik bytiden sûnder erch yn ’e spegel, en haw ik hommels oanstriid en balt: “Ho ris, dat binne hielendal net de lea fan mij! Dat binne de lea fan Paul de Leeuw!”

Lês fierder by JanbloggerLês fierder