Fan 1813 ôf fyn ik yn ús stambeam de iene nei de oare turfmakker. Sa wiene de sân soannen fan myn oeroeroerpake allegearre turfgravers.
Ik kom hjir op om ’t it dizze dagen hûnderttritich jier lyn is dat yn Appelskea de earste grutte staking yn Nederlân wie, 22 maart 1888. Sa’n trijehûndert baggellju hawwe doe fjouwer dagen it wurk dellein. De maresjesee stie klear mar die neat. It wie in grut sokses, de measte easken fan de stakers waarden tastean.
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder