Blog Daam de Vries: Van vreemde smetten vrij

logo.ensafh

Fan ‘e moarn hiene wy de langste file oant no ta dit jier. It reinde, dat dan ha jo dat. Der binne fansels wol mear oarsaken oan te wizen foar files. Jo kinne te krijen hawwe mei losrinnende kij of einen, sniejachten, immen dy’t net goed wurden is efter it stjoer en gean sa mar troch. Wat wol dúdlik is, is dat it eins altyd komt troch oarsaken dêr’t eins nimmen wat oan dwaan kin of der yn alle gefallen net op út is. Wy wurde achte net op sa’n file yn te riden. Guon mei in bryfke fan it CBR wurde ek achte soks te witten.… Lês fierder

Blog Sigrid KIngma: Hoe fier’t ik gean

logo.ensafh

De lêste tiid is der faak in ferske op de radio dêr’t de yntro my fan oan in resint disneyferske tinken docht. Cannot be unheard. Hawar, dat is net wêrom’t ik efkes skriuwe woe. Jim witte yntiid ek dat ik gjin Dichter fan Fryslân wurden bin. Dêr bin ik net sneu om hear, ik wie al lang bliid dat ik nominearre wie. Nije wike is de huldiging fan Eeltsje Hettinga, dy’t de ynfolling fan dat dichterskip wol tafertroud is. Aardich is ek dat we nije wike tegearre op it poadium steane foar Explore the North. Dat wurdt in drok literêr wykein: freed nei Balk, saterdei nei Ljouwert yn de Westertsjerke en snein wer nei Ljouwert foar Dichter skriuwt Liet.… Lês fierder

Blog Eddy Drost: De Sjuery fan ‘e Gysbert

logo.ensafh

De Sjuery fan ‘e Gysbert. ( Diel 1) ( Diel 2 november 25 – 2017 )

Wy skriuwe moandei 5 desimber 2016.

It is mistich en kâld yn Ljouwert. Op syn heechst in graad as fiif. Alve oere moarns en noch net in ambtner te sjen. De Twabaksmarkt leit der ferlern by. Och nee, dêr rinne dochs guon minsken. Ut trije hoeken wei skarrelje twa manlju en in frou, klaid yn grauwe jassen, troch de kjeld op it provinsjehûs oan. Efkes letter freegje se, ien foar ien, oan ‘e baly nei Sietske Poepjes.
“Frou Poepjes is noch net yn ‘e hûs.… Lês fierder