Boeklog: de dingen gebeuren omdat ze rijmen ~ Nyk de Vries

logo.ensafh

Alleen kan iemand die het Fries als schrijftaal beheerst het waarschijnlijk nooit goed doen. Publiceren in deze taal is een daad — vanwege het structureel ontbreken van een lezerspubliek met enige omvang. Terwijl desondanks in het Nederlands schrijven ineens toch ook een beslissing wordt; waar dat aspect verder voor vrijwel geen auteur zal spelen die als vanzelfsprekend in de landstaal publiceert.

Lês fierder by BoeklogLês fierder

Blog Lomme Schokker: Rabber Roatsje stúkt Pete Hoekstra

logo.ensafh

‘Hast it heard? Trump hat Fryslân lêstendeis útmakke foar shithole country. “Dy negerij dêr sit fol kultuerútfretters en jildfergriemers”, wiene dat net syn wurden? En hast fernommen wat syn freon en finansier Pete Hoekstra sein hat? Dat Fryslân fan Aldehaske ôf oan foar trijekwart in ‘no-go area’ is? “It’s incredible”, sei er, “se skeine en molestearre yn Fryslân goedwillige westerlingen en stekke safolle bussen yn de brân dat de plysje machteleas tasjocht!” Hat er sein, net dan? Wist hy folle dat it karbidbussen wiene.’

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: NederFries

logo.ensafh

Wy wenje en libje yn de provinsje Fryslân. De moaiste provinsje fan Nederlân, sa hat ûndersyk fan de Telegraaf yn 2010 al útwiisd. As it yn de Telegraaf stiet is it wier, dat sille jim daliks mei my iens wêze. We ha hjir, yn de moaiste provinsje fan Nederlân, sels in eigen taal. Wat in rykdom. Ik brûk dy taal. Om yn te praten en om yn te skriuwen. Dy taal dêr’t neffens Sjoerd Bootsma, dy fan kulturele haadstêd, jim witte wol, soms nochal skofterich mei omgong wurdt. Ik wit fan in eks-kollega dosint fan him dat se dêr geregeld diskusjes oer hân ha.… Lês fierder

Teleks: Biblioteek yn Blokhúspoarte is hast klear, tongersdei iepen

logo.ensafh

De biblioteek yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is hast klear. Yn de eardere finzenis binne tsientallen boufakkers en ferhuzers noch drok dwaande mei de ynrjochting fan de nije biblioteek. De biblioteek giet tongersdei foar it earst iepen. Foar dy tiid moatte noch sa’n 80.000 boeken ferhuze wurde fan de tydlike Pop-Up Byb oan it Saailân. Earder siet de byb yn it beursgebou, mar dêr komt de Ryksuniversiteit Grins yn.

De nije namme fan de bibleteek wurdt ‘dbieb’. Neffens direkteur Hans van der Veen sprekst it wol gewoan út as ‘de bieb’ en is it fuortlitten fan de ‘e’ yn it wurd ‘de’ in fisueel grapke.… Lês fierder