Teleks: Utstalling ‘Ienkennich lânskip’ yn De Roos van Tudor

logo.ensafh

Wat driuwt in dichter? Wat besielet in fotograaf? Eppie Dam en Gijs Dragt stelden de fraach en seagen wat der oerbleau fan ynklonken lân. Sjoch sels mei en ûndergean Ienkennich lânskip – Fryslân keunstsinnich ferwurde en ferbylde – acht wike yn de galery en foar altyd te boek. Leau jim eigen eagen as se har ferwûnderje. Der giet in wrâld iepen yn de Roos van Tudor.

Fan 20 jannewaris oant en mei 3 maart is yn Galery De Roos van Tudor yn Ljouwert de útstalling Ienkennich lânskip te sjen. Tagelyk ferskynt de dichtbondel Ienkennich lânskip fan Eppie Dam mei foto’s fan Gijs Dragt.… Lês fierder

Ferhaal Janneke de Boer: Straf

logo.ensafh

In grutte hân mei smoarge nagels grypt him by de kapusjon. Ut alle macht prebearret er fuort te kommen, mar de sterke earm lûkt him yn de tsjinoerstelde rjochting. Hiel eefkes sweeft er tusken falle en flechtsje. Hy is net mânsk genôch, tûmelet oer de kop en bedarret mei de noas tusken de kluten drûge modder. In pear brune klompen, stevich op ‘e grûn, bewege net. In lange blauwe stofjas wapperet yn it koeltsje. Foute boel, tinkt er, hy prebearret net iens mear te ûntkommen.

Lês fierder by Janneke de BoerLês fierder

Blog Daam de Vries: Fan de sûkelarje ôf

logo.ensafh

Wy moatte fan it gas ôf. Dat fine alle Nederlanners sa njonkelytsen. Earst wie dat net sa bot mar om’t der ferline wike ien en oar begûn te skodzjen is it folkje aardich wekker wurden. No ha wy dat hjir wol faker en meast saksearret de pine aardich gau.

Hoe djip de pine sit ha’k myn twifels ek wol wat oer. Want ek elkenien fynt dat de ljip weromkomme moat mar oft jo har dan foarlizze dat de reistiid Ljouwert-Drachten dan bygelyks twa minuten langer wurdt om’t jo oer de doarpen toffelje moatte dan wiist it al gau oars. Soks is fansels ek net bêst oft jo deis 80 kear op en del moatte en op ‘e emoasjes ôfgeande moatte de measte Friezen dat.… Lês fierder

Twa kollums Jaap Krol yn FD

logo.ensafh

Autoriteit

Minsken prate inoar nei de mûle. Logys: om te oerlibjen moatte jo meidwaan, oars folget útsluting of ekskommunikaasje. Guon gean lykwols altyd tsjin de rigels yn, wat se faak it predikaat ‘lekker eigenwiis’ jouwt. Yn in film of boek is soks in heldendied, mar yn it echt hearre jo dan ta it yrritante slach dat de boel nedeleas oan it fertragen is.

Lês fierder by Jaap Krol

 

Nei de feestdagen

De feestdagen binne wer foarby. Nettsjinsteande de krystgedachte en it nije begjin, binne de dagen ek in tiid fan de tsjinstelling. De iene helte fan it lân hat in desimbermany en kin net wachtsje oant it begjint, de oare helte hat in desimberallergy en wol dat it sa gau mooglik 2 jannewaris wurdt.… Lês fierder