Kollum Willem Schoorstra: Laitsje is it medisyn

logo.ensafh

De koppen mei ‘Galgenhumor’ wiene allegear foar iepen goal, en allegear wier. Ik ha it oer de spektakulêre ûntdekking fan in ferlern tocht filmfragmint fan Stan Laurel. Yn in flok en in sucht wie it wrâldnijs. Dat liet sjen hoe grut de ympekt fan it lettere duo Laurel en Hardy west hat. En noch hieltyd is, ek al binne der generaasjes dy’t der net mear mei opgroeie: De Dikke en de Dunne sitte ferankere yn it bewustwêzen fan de minskheid.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek Willem Schoorstra, ‘De nacht fan Mare’

logo.ensafh

De roman fan Willem Schoorstra begjint mei muzyk yn deselde Prinsetún – in rockkonsert. Op 22 augustus 1978 organisearre de Vara in life konsert yn de Prinsetún fan Herman Brood en syn Wild Romance. It optreden waard direkt troch de Vara útstjoerd, wie gratis, sadat der in 6000 fans op ôfkamen. Ut heel Fryslân. Skriuwer Schoorstra wie 19 destiids, hat miskyn it konsert meimakke, en naam dit muzykbarren as ykpunt foar syn roman – De nacht fan Mare.

Lês fierder by Josse de Haan op de Moanne… Lês fierder

Besprek ‘It Sinfol Bestêan’, Willem Verf

logo.ensafh

It sinfol bestean giet oer it bestean fan Karin en Jitse. Twa polityk belutsen sechstigers, dy’t al fan har studintetiid ôf tegearre binne. Se studearren op ‘Duinoord’, wêr’t yn ‘e jierren ’60 de nijmoadrige stúdzjes omtrint kreative terapy jûn waarden.
Doe al wienen se och sa ‘links’ en yn wêzen binne se dat noch. Jitse is yntiids boargemaster en sosjaal-demokraat. Karin sit noch in stikje mear links en grien yn it spektrum.

Lês fierder by Martsje de Jong op Besprekstek (Facebook)… Lês fierder

Blog Jaap Slager: It âld tillefoanboek

logo.ensafh

It wie my om earlik te wêzen al út it ûnthâld, mar hy is der noch, sij it dat er dit jier foar de lêste kear printe wurdt: it âld tillefoanboek. De útjouwer DTG (De Telefoon Gids) jout de piip oan Marten, om’t noch mar 2 persint fan de Nederlanners de printe gids mei ‘ûnmisber’ betitelesearret. Dat binne allegear âlderein, en dy krije no in kursus oanbean oer it hoe en het fan it digitale tillefoanboek.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

FD oer ‘Je denkt dat het komt’ fan Meindert Talma

logo.ensafh

De stukjes Friese dialoog en de Friesismen zullen de lezer niet in de weg zitten. Het is geen Bokwerters wat Talma schrijft, maar Nederlands zoals hij en vele streek- en generatiegenoten Nederlands spreken. Waar andere Friese schrijvers murw geslagen door correctoren uiteindelijk met stijf, onnatuurlijk ABN in de ramsj verdwijnen, ‘leven’ de teksten van Talma en geeft het lokale zijn taal kleur.

Lês fierder yn it Friesch DagbladLês fierder