Kollum Ferdinand de Jong: A day in the life

logo.ensafh

Moarnsier kertier foar achten. Jo binne al in oere fan bêd ôf, hawwe jo deistich moarnsbrochje, besteande út sterke kofje, ta jo naam. Jo hawwe de papieren krante lêzen. In soad nijs stiet der net yn, de deistige anty-Trump- en anty-Poetin-artikels hawwe je no wolris lêzen en de kollumnist op de efterside ek. It nijs fan de dei wie dat der snie yn de Sahara lei, mar dat teide nei in pear oeren alwer fuort.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Lomme Schokker: De Grutte Oarloch en soldaat Hielke Hylkema fan Idaard

logo.ensafh

Lêst novimber rûn ik mei myn Amerikaanske maat op The Somme American Military Cemetery yn Bony, boppe Saint Quentin yn in treasteleas earmoedich Noard-Frankryk en seach tafallich, net fier fan de yngong, de grêfstien fan in Hielke Hylkema, neffens de ynskripsje korporaal yn it 16th Infantery BataljonFirst Division, ôfkomstich út Illinois en sneuvele op 3 juny 1918. Hielke Hylkema, sa’n namme falt op fansels.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Jaap Slager: No ha wy de hichte

logo.ensafh

Pyt en Froukje, dy’t fuort nei har trouwen nei Sweden ta emigrearren, binne fans fan myn stikjesskriuwerij. En as it in út it Hollânsk wei oerset stikje belanget, binne se dikmels fan betinken dat it better is as it orizjineel.
Soks komt yn it foarste plak hjirfandinne dat ik har omke-/muoikesizzer bin. Twad is it Frysk in gâns rikere sprake as it Hollânsk, dat sa dreech is it net. En te’n tredden binne hja al santich jier út Fryslân wei en dát skeelt – ek al binne lju út Skåne wei tige ferroppen yn Sweden sels fanwegens har stegens.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Besprek ‘Famke famke’ fan Ale J. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale van Zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman Littenser merke. Dêrmei makke er rûnom yndruk. It boek krige yn 2014 de Rink van der Veldepriis foar it bêste Fryske proazawurk, de Douwe Tammingapriis foar it beste debút en waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2015. As in skriuwer mei sa’n yndrukwekkend debút mei in twadde boek komt, binne de ferwachtingen heech: soe Famke famke krekt sa boppe it gemiddelde útstekke as Littenser merke?

Lês fierder by Sjoerd Bottema op de Moanne… Lês fierder