De Sjuery fan ‘e Gysbert
Wy skriuwe moandei 5 desimber 2016.
It is mistich en kâld yn Ljouwert. Op syn heechst in graad as fiif. Njonken de Blokhûspoarte blaft in hûn. De Twabaksmarkt leit der lykwols noch ferlern by.
Och nee, dêr rinne dochs guon minsken. Ut trije hoeken wei skarrelje twa manlju en in frou, klaid yn grauwe jassen, troch de kjeld op it provinsjehûs oan. Efkes letter freegje sy, ien foar ien, oan ‘e baly nei Sietske Poepjes.
“Frou Poepjes is noch net yn ‘e hûs. Har tsjinsttyd begjint wol om alve oere, mar it earste heal oere wurket sy yn ‘e auto.… Lês fierder