Kollum Sicco Rypma: Krysttaspraak

logo.ensafh

It wurdt hieltyd dreger om inoar yn it deistige libben persoanlik te moetsjen”, sei ús Kening yn syn Krysttaspraak. Hy wiist nei de ynfloed fan ynternet, telefyzje, facebook en twitter. En nei it tebek rinnen fan it tal tradisjonele moetingsplakken sa as tsjerke en ferieningen. Krysttiid, âld en nij en jo jierdei

wurde tsjinwurdich fia socialmedia fierd, mei mear freonen dan yn jo húskeamer passe. In moaie skoare mar op dizze wize wurde we wol húshinnen.

Lês fierder by it Bolswards NieuwsbladLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Frisse start

logo.ensafh

It jier is goed begûn. Ik ha sawol de ûne as it húske himmele. Net himmele fan efkes de biezem dertroch, mar in oere op de knibbels derfoar. Ik bin net sa’n himmeler, sa’t jim wol witte út ien fan myn iere blogs, mar út en troch sil it moatte foar it behâld fan it materiaal. Bûten de hûshâldlike wurksumheden ha ik ek aardich hûshâlden yn de fakliteratuer. Ik bin begûn mei myn nije wurk troch wat boeken derby te pakken oer lêsnivo’s en statistyk. Noflik om wer efkes yn de stúdzjesfearen te sitten.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Eddy Drost: Fjoerwurk

logo.ensafh

Doe’t ik âldjiersdei in fytstocht lâns de Dokkumer Ie makke en op Ljouwert oanride wie it ien en al fjoerwurk yn ‘e stêd.
Eksploazjes en grutte fjoerpylken dy’t fier boppe de flatgebouwen út kamen.
It wie in oere oft fiif en dan meije jo noch net knalle, mar yn ‘e Frijheidswyk en Bilgaard lûke sy sich dêr neat fan oan. It like wol in ‘war zone’. Wat in a-sosjalen!

Lês fierder by Eddy DrostLês fierder

Blog Jaap Slager: It sil op in teien ûnder de Winterspullen

logo.ensafh

De Noard-Koreaanske diktator Kim Jong-un hold juster syn nijjierstaspraak. Hy wie sitten gien efter in foech alter, dêr’t sân folslein gelikense mikrofoans op stiene. Hy wie twang skarre en opskeard. Kim hie twa boaden. Hy wol prate mei Súd-Koreä en yn febrewaris sporters ôffeardigje nei de Winterspullen yn dat lân. En hy fertelde dat op syn skriuwtafel in knop sit: ien druk en raketten mei kearnkoppen fleane rjuchting de FS.

Wolkom yn 2018, it alderbêste, hear.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Froulju binne twadde soarte

logo.ensafh

Bêste minsken, ik hoopje dat jim Ald en Nij wer oerlibbe ha. It is altyd wer nuodlik, sa’n twadeiske oarloch. Deaden, ferwûnen en fernielingen op grutte skaal hearre der krekt sa by as oaljekoeken, selsmakke slaadsjes en tefolle konferenses.

Eartiids wie Ald en Nij allinne ynteressant foar de earmen. Dy giene biddeljend by de doarren lâns om iten en branje, om sa de winter troch te kommen. It karakter fan Ald en Nij feroare yn de jierren 50 fan de foarige iuw, doe’t elektrisiteit beskikber kaam. Mei de kuolkast, djipfries en ferwaarming waard it yn rap tempo in lúkse barren. Dêr’t oaljekoeken bygelyks ornearre wiene as fette hap om waarm te bliuwen –makke fan yngrediïnten dy’t de hiele winter goed bleaune– binne dy no allinne noch in goeie boaiem foar it ynnimmen fan alkohol.… Lês fierder