Besprek Geert Mak – Hoe’t God ferdwûn út Jorwert. Oersetting Abe de Vries

logo.ensafh

In 1996 verscheen Hoe God verdween uit Jorwerd, de klassiek geworden beschrijving van de veranderingen in een klein dorp in de tweede helft van de twintigste eeuw. Een Fries dorp dat model bleek te staan voor de ondergang van een traditionele boerensamenleving.

Deze klassieker is nu in het Fries vertaald, want het motto mocht dan een Fries gedicht van Obe Postma zijn en in diverse hoofdstukken stonden wel wat Friese woorden en zinnetjes, maar het verhaal over het Friese dorpje zelf was natuurlijk in het Nederlands.

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder

Blog Daam de Vries: It feintsje fan Menaam sil net om seis oere thús wêze

logo.ensafh

Neffens de hotemetoten fan it Kulturele Hoofdstadje moatte wy op freedtejûn 26 jannewaris allegearre de doar iepen hawwe sadat dy 4 miljoen besikers der mar ynrinne kinne om ús ferhalen oan te hearren. Dat sil allegearre bêst mar dan ha se gjin oerlis mei ús hjir te Bitgum hân want wy ha hjir al sûnt jierren op de lêste freedtejûn fan jannewaris Winterjûnenocht en dat is yn 2018 net oars. ‘Frjemd folk’ út Kollumersweach sil yn de Sint Martinustsjerke in jûnfoljend programma bringe. Wy binne dan dus net thús!

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Jaap Slager: 2.1 Moin moin

logo.ensafh

Mear weagen as wyn. Nei in dei fan omheinebaljen beslút ik koerts nei Norderney te setten.

As ik ienkear ûnder it strân far, haw ik net sa folle lêst mear fan ’e weagen út oarsaak fan de sânbank foar it eilân. It siichje makket dat de punt dêr’t ik om hinne moat – de haven is oarekant eilân – krekt te besilen is. Sa sylt it dochs noch even moai by it sluten fan ’e dei.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Op glêd iis

logo.ensafh

Twa en in heale wike lyn stie de wrâld yn de brân. Jim binne grif al fergetten wêr’t dy opskuor oer gie. Want sa flechtich is it nijs. Dat guon harren doe freeslik drok makken oer in bernefeest dat keppele waard oan rasisme is blykber dochs net wichtich en djipgeand konfliktearjend genôch om it der nei amper fjirtjin dagen noch oer te hawwen. Stel dat der in oplossing foar komme soe, wêr bedarje we dan mei ús nocht oan ûnnocht?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: De sosjale Sytstra, of de skriuwer as ideology-fernije

logo.ensafh

Yn in fraachpetear yn 1941 yn it Algemeen Dagblad mei Reinder Brolsma, dy’t dan krekt de troch de besetter ynstelde Harmen Sytstra-priis krigen hat, yntrodusearret skriuwer en sjoernalist Ed Hoornik koart ek de nammejouwer fan de priis. Harmen Sytstra ‘was een groot strijder voor de erkenning van de verwantschap van de Friesche en Germaansche taal’. Oft dy karakteristyk no fan Hoornik sels kaam of fan de lykskeakele redaksjelieding: de NSB-fisy op Sytstra sei dat er in ‘voorlooper der volksche beweging’ wie, wêrmei’t sokssawat as in regionalist, nasjonalist en rassist bedoeld waard.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Marten Hari

logo.ensafh

Okee, se wie in spetter en woe dat witte ek. Fan #MeToo hie gjin kop heard, it tilde yn dy tiid fan manljushannen op mûtele frouljusknibbels, om fan de rest mar te swijen. Margaretha fan ’e huoddesaak op ’e Foarstreek makke dat neat út, se wie sljocht op manlju yn unifoarm en dat unifoarm hoegden se wier net oan te hâlden. Se wie ek net te beroerd om sels wat út te dwaan, in frommes dat de bloeddruk fan frachten manlju ûntregele. En dan ek noch yn styl einigje troch mei in daverjende knal te himeljen, it kin net op.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder