Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har earste gedicht is Utfanhûs.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har earste gedicht is Utfanhûs.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Erik Betten en Corien Feenstra fan Dronryp soene wolris de Fryske Nicci French wurde kinne, no’t se har debút makke hawwe yn de wrâld fan de thrillers mei harren boek Fatale Oplossing.
Nicci French is it pseudonym fan it Britske skriuwerspear Nicci Gerrard en Sean French dat psychologyske thrillers skriuwt en dêr hiel suksesfol mei is.
Erik Betten en Corien Feenstra binne ek troud, hawwe ek in thriller skreaun en betsjinje har ek fan in pseudonym: Rifka Faber. En der is noch in oerienkomst: krekt as yn de measte boeken fan French is de haadpersoan net in man of in frou dy’t by de plysje wurket en in moardsaak oplosse moat.… Lês fierder
Dichter, skriuwer en byldzjend keunstner Wilco Berga en syn partner, ûntwerpster Tanja Blokland, diele Atelier BB Aansee yn in monumintaal pân oan de Suderhaven 39 yn Harns. Se eksposearje dêr ek eigen wurk, mei as tema it kustlânskip yn al syn fasetten.
Yn ‘e simmer fan ferline jier brochten se yn eigen behear it boek De Geluksvogel. Yn dat boek spylje de “geloksfûgels” fan Tanja Blokland de haadrol.
Lês fierder by de Moanne… Lês fierder
Wij hadden nije ‘raambekleding’ besteld, foor de weunkamer, de keuken, de werkkamer en de slaapkamer. Lilke term, ‘raambekleding’, lykas de subkategorieën: shutters, screens, plissé’s, jaloezieën. ‘t Is ‘n woordwereld der’t ik ‘t pâd niet in fine kin. Alhoewel: doe’t ik lessen ‘n paar sokken kocht sâg ik thús dat die op ‘t bontsy ston as ‘beenmode-artikel’. Dan is raambekleding nag genadig.
Lês fierder by Stichting Bildts Aigene… Lês fierder
It is tiisdeitejûn. Yn Antwerpen begjint dan it wykein. Dat is it motto fan De Dinsdagclub, in moderne oade oan de âlderwetske revu. Dy bringt dichters, muzikanten, komiken, dûnsers en oare artysten byinoar yn teäter Paroza. Hjir krige ik, tegearre mei Erik de Boer, gemeentedichter fan Smellingerlân, de kâns om in stikje Fryslân nei België te bringen. It waard in jûn fol ferrassingen, humor en in bytsje senuwen.
Lês fierder by Gabrielle Terpstra op Goeie… Lês fierder
Ast him yn dizze tiid lizzen sjochst
noch ûnder it jok fan de winter
mei de keale mêst as in beaken
oan ’e wâl en de skoan behelle kont
healwei rêstend yn it wetter, dan
sjochst it suver al foar dy hoe’t er
by’t simmer de wide wjukken útslacht.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
At ik yn it ferfolch troch Beetstersweach fyts
sil ik oan it boek Abbingawâld fan Sj. van der Schaaf tinke.
It skynt sa te wêzen dat hij mei dit boek dat doarp,
mei al dy fritsen en fratsen fan minsken,
op it each hat, at er dit boek skriuwt.
It is fan 1947 dus giet it oer noch earder.
Lês fierder by datfynik… Lês fierder