Oer it algemien sjoch ik mysels as in freedsum man. Toch wurd ik ienkear yn de safolle tiid konfrontearre mei de tsjustere kanten fan mysels. Foarige wike iepenbiere him ien dêrfan -en net foar it earst- doe’t ik in filmke fan in matador seach dy’t troch in bolle op de hoarnen naam waard. It bist hie in nekke fol banderillas te hingjen en it bloed streamde him by de bealch del.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder