Blog Daam de Vries: ‘Jou’, ‘You’, ‘Jij/U’ en ‘Do/Willem/Jo’

logo.ensafh

Is it per definysje ûnfatsoenlik oft immen fan in jier as tsien immen fan in jier as sechstich doket? It antwurd dêrop is: nee.

Mar soks giet net yn alle talen itselde. Ingelsken en Bilkerts hawwe it it maklikst, dy sizze tsjin alles en elkenien ‘You’ en ‘Jou’. Om dat no fuortendaliks slim ûnfatsoenlike talen te neamen soe ik net oandoare.

Lês fierder by DaamLês fierder

Finn

logo.ensafh

In de Oudengelse overlevering wordt verhaald van de Friese koning Finn, die meer dan anderhalf duizend jaar geleden ergens in de Friese landen zijn burcht heeft. Hij is gehuwd met Hildeburh, zuster van de Deense vorst Hnæf, die haar op een dag komt opzoeken met een gevolg van zo’n zestig man. Er breekt, kennelijk door oud zeer, een gevecht uit waarin zowel Hnæf als Finns zoon en de meeste van de Friezen worden gedood. Finn weet de boel te sussen en de Denen, nu onder het bevel van Hengest, hebben geen keuze behalve te blijven voor de winter. In de lente vertrekken ze, maar Hengest zint op wraak: hij keert terug en doodt Finn en wat die nog aan mannen had.… Lês fierder

Blog Friduwih Riemersma: Taal yn Fryslân: de folgjende trukaazje

logo.ensafh

▹ Fraach
“Sûnder in provinsjaal taalbelied en de romte dy’t dêrtroch ûntstiet foar it Frysk yn it maatskiplik fermidden, en bygelyks op skoalle, soe de situaasje hjoed-de-dei noch wol slimmer west hawwe foar it Frysk,” seit Klinkenberg1—mar hoe kin Klinkenberg dat witte?

▹ Antwurd
Dat witte wy net.

▹ Fraach
Hin?

Lês fierder by Friduwih RiemersmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: T-Mobile en harren reklame

logo.ensafh

Okee, foarop sein: ik bin in taalgek. Mei in grutte leafde foar twa talen, it Frysk en it Ingelsk. Beide talen ha prachtige foarmen. It Frysk yn de Súdwesthoeke mei syn skieppeskuorredoarren is wer hiel oars as it Wâldfrysk, heite. Mar it hat beide syn sjarme. Dat wol sizze, as je it goed útsprekke. Myn mem learde my it Súdwesthoeks, mar trochdat ik al jierren yn de Wâlden wenje, is dy taalfariant my ek eigen wurden. Stellingwerfsk is Saksysk, ek hiel smout. Mar it falt en stiet mei hoe’t je it útsprekke.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek ‘Brek dyn klank’ fan Abe de Vries

logo.ensafh

Abe de Vries wurdt wol de Rachmaninov ûnder de Fryske dichters neamd. Oaren neame him in ‘briljante dwersbongel’. Dizze dichter lit him net yn in inkele sin omskriuwe. Wy ha te krijen mei in fakman dy’t syn klassikers kent en muoiteleas syn styl oanpast. Syn sânde dichtbondel Brek dyn klank is yn 2015 útkommen by de Gerben Rypmastichting en stiet no op de nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. It is in kreaze útjefte mei hurde kaft en in fersoarge foarmjouwing mei alle rûmte foar de gedichten. Pier Feddema fersoarge de yllustraasjes op de omslach, sketsen fan in roek en in frij ynterpretearbere oare fûgel dy’t we letter yn de bondel ûnder oare op it tsjerkhôf fan Dongjum weromfine.… Lês fierder