Blog Sigrid Kingma: Literêre bagaazje

logo.ensafh

As it gjin hûnewaar wie dan hie ik jûn al myn enerzjy opbaarnd by Ventoux. Yn stee dêrfan ha ik de piken fêst op bêd brocht en de achterdoar op slot dien. It wie in bysûndere dei, mar yn plak fan in kompleet ferslach ljochtsje ik leaver wat út, nammentlik de útrikking fan de Douwe Tammingapriis.

Foar literatuerminsken wie it in feestje mei bekende gesichten. Foar oare omstanners hie it faaks handich west as de sprekkers harren efkes yntrodusearre hienen. Hokker gewoane Fries hat ommers fan Willem Verf heard?

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Ferdiand de Jong: Anty-Frysk

logo.ensafh

Ik wit net oft jim wolris yn it de tsjerke fan Koartehimmen west ha. Sa net, komt ris del, soe ik sizze. It is in lyts, mar krigel gebou dat yn goede steat is en as jim dizze simmer ris op in sneontemiddei yn de buert binne, is de doar iepen omdat de pleatslike kommisje meidocht oan Tsjerkepaad. Ja, de pleatslike kommisje, want de tsjerke is net mear eigendom fan in tsjerklike mienskip. De lokale protestante gemeente wie eigner fan twa tsjerken en hat ien oerdien oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dat wie dus it tsjerkje fan Koartehimmen, dat ea in dependânse west hat fan it kleaster yn Smelle Ie.… Lês fierder

Blog Friduwih Riemersma: Qualis artifex pereo

logo.ensafh

Noch in healjier te gean foar’t it kulturele haadstêdbarren heve sil. Unwennich mar apert binne de media begûn mei wat yn de kulturele yndustry wol hjit the grooming of the audience: it kultivearjen fan it grutte publyk sadat it aansen fanselssprekkend wurdearret wat it foarset krijt en kaartsjes keapet. Op ’e earste sneon fan it simmerseisoen kaam It Friesch Dagblad mei trije, lykas wenst ienriedige berjochten oer Fryske kultuer, dêr’t it kearnboadskip fan wie dat alle Friezen ien symbiotysk—“een gevoel één zijn”1— modeltiim foarmje yn in ienheidskultuer dy’t net mear talit as in preformatearre fokabulêr fan wy, ús en uzes. Want minsken soene natuerlikerwize part wêze wolle fan in betsjuttingsfol barren.… Lês fierder

Klaas Sietse Spoelstra: ‘In skeakelmomint yn de skiednis.’

logo.ensafh

Wurdt Kulturele Haadstêd krekt sa’n feest as de Frieze-reüny fan Simmer 2000? Nee, seit Klaas Sietse Spoelstra, en dy fergeliking meitsje is net goed. ‘Dat feest gong oer ús ferline, Kulturele Haadstêd giet oer de takomst.’ En hy pleitet foar it berikken fan ‘glocal goals’. ‘Grutte wrâldproblemen kinst oanpakke troch te begjinnen mei ien lyts stikje fan de puzel. Wize nei wa’t it ferkeard dien hat, of de oerheid de skuld jaan, dy tiid ha wy hân. Do kinst sels wat dwaan.’

Lês fierder by Finster op FryslânLês fierder

Blog Ypie Haitsma: Als de rook om je hoofd is verdwenen!

logo.ensafh

Skriuwersark

De Feanhoop 30 juny 2017

Als de rook om je hoofd is verdwenen!

Yn de gasteboeken dy’t hjir lizze lês ik ferslaggen oer hoe goed elk opsjitten is mei syn of har skriuwerij, ik woe dat ik dat ek sizze koe. In boek yn wurding dat is fansels nochal wat oars as dy koarte ferhaaltsjes dy’t ik sa no en dan skreau.

Lês fierder by Ypie HaitsmaLês fierder