Blog Ypie Haitsma: It âlderlik hûs

logo.ensafh

Ik bin mei in soad ferskillende dingen dwaande west, dat it bloggen bleau der wat by. Fia de skriuwgroep online krigen we de opdracht om in ferhaal te skriuwen der’t de folgende wurden yn foar kamen : servet, bus , fruitschaal, schoensmeer, ladekast, bus, stempelapparaat,potlood, kleurplaat en verjaardagskaart.
We moasten it stik yn 15 minuten skriuwe en mochten net skave en plakke. Ik haw de wurden yn it frysk oersetten, dit is het ferhaaltsje wurden. It is fiksje mar fansels sitte der alten wol werkenbere eleminten yn.

Lês fierder by Ypie HaitsmaLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Hee, provinsje, bedankt, hin…

logo.ensafh

Wier Neerlands bloed door d’ aderen vloeit/van vreemde smetten vrij/hart voor volk en orde gloeit/verhef uw zang als wij/ik en de leiders van mijn land/hun vlekkeloos parcours/leer mij wat macht vóór al verlangt: ’t geweten van een hoer’.

Was getekend: Farid Azarkan, pearel yn de kroan fan Denk. Hy stjoerde dy tekst op Twitter de wrâld yn, as reaksje op it foarnimmen fan it nije kabinet om it Wilhelmus sichtberder te meitsjen. Sa’n ûnbeskofte, fileine, beskamsume en falske reaksje makket dat ik hast oerein riis en it folksliet sjonge wol. Hast, sei ik, hast. Tagelyk ûnderstreket Azarkan mei syn mislikmeitsjende slûchslimmens miskien wol de needsaak fan sa’n foarnimmen.… Lês fierder

Fan Obe nei Eppie: santich jier Gysbert Japicxpriis

logo.ensafh

Yn 1947 krige de no noch tige wurdearre dichter Obe Postma (1868-1963) de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel It sil bestean. Santich jier letter, ôfrûne sneontemiddei 14 oktober, is troch deputearre Sietske Poepjes yn de Martinitsjerke fan Bolswert Eppie Dam dy heechste literêre priis fan Fryslân útrikt. “Syn namme nea yn uws gehûgnis stjert”, waard ea sein fan Gysbert Japicx (1603-1666). De namme fan Obe stiet takom jier op it gebou fan Lân fan Taal, mar de namme fan dichter Eppie Dam sil ek net gau yn it ferjitboek reitsje. Is der fan Gysbert mar ien dichtbondel, Obe Postma skreau acht en Eppie Dam achttjin.… Lês fierder