Blau bloed hy se perfoast net, de Twizelder skriuwster Simke Kloosterman (1876-1938). Mar in gramke keninklike alluere? Of in ûns, miskien? Noch te beskieden? Eartiids soenen de minsken fan Twizel nei alle gedachten sizze, meitsje der mar gewoan in pûn fan, sa faak ried se, pykfyn oanklaaid, yn ’t koetske troch it doarp. Hoe dan ek, in bordesscène op it statige Jeltingahûs ta Bûtenpost, mei de boargemaster en in oare, heech wurdearre Fryske skriuwster, dat hie Simke grif wol bekoard.
Lês en sjoch fierder by RTVNOF… Lês fierder