Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistich libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.
Diel 12: Tytsy Willemsma, EU-fertsjintwurdige út Boarnwert, oer it fers In memoriam Pieter. Dit fers skreau dichteres Tytsy Wijngaarden, doe’t dy har broer ferstoar. Willemsma lêst it fers foar by it ‘timpeltsje fan Ids’, it keunstwurk dat de seedyk as it ware op hannen draacht. Keunstner Ids Willemsma is har omke fan heitekant, Tytsy Wijngaarden tante fan memmekant. Sa falt alles gear.
Lês en sjoch fierder by Finster op Fryslân… Lês fierder