De trije dichters dy’t foar it lêst de Gysbert Japicxpriis foar poëzij wûn hawwe, wolle net beneamd wurde ta Dichter fan Fryslân. Se fine de sjuery dy’t dy beneaming docht, net saakkundich genôch. Dat seit Abe de Vries, dy’t yn 2005 de prestizjeuze Gysbert Japicxpriis krige foar syn bondel ‘In waarm wek altyd’. It stekt him dat der yn de sjuery, dy’t bestiet út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, net ien sit dy’t Frysktalige gedichten skriuwt. Deputearre Sietske Poepjes fynt it spitich dat De Vries de saakkundichheid fan de sjuery yn twivel lûkt, mar se sil der neat oan feroarje.… Lês fierder