Blog Friduwih Riemersma: Deade Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Se woene in Dichter fan Fryslân en wisten dúdlik net hoe.

Mar ynstee fan it kultureel populisme te beljochtsjen—dêr’t Grytsje út de buorren in priis krijt om’t hja sa aardich rymkes makrameeje kin en it fansels de oerheid is dy’t fia it romjen fan deagewoane boargers himsels prizen jout foar syn tiptop selsmarketing—want kom, Herbert Marcuse kritisearre dat al en wy witte it no wol, en ek is it nedige al sein oer de kollektivisearringsstimulâns troch ordinêre fabryksarbeiders de Stalinpriis te jaan (lykas de GJ-priis de winner krekt bekend op de útrikking), ynstee dêrfan dit:

Lês fierder by Friduwih RiemersmaLês fierder

Besprek ‘Moordballaden’, gearstald troch Bart FM Droog

logo.ensafh

Verbazingwekkend is ook dat veel Friese poëzie al die veertien eeuwen hetzelfde is gebleven: je vindt de vorm die Saxnot gebruikte zelfs bij een dichter als Tsjêbbe Hettinga terug.
De woede van Saxnot brengt hem heel dicht bij ons: op Facebook zou hij zich volkomen thuis hebben gevoeld. Bonifatius, die ‘forflökta falska flumia’, die ‘snotta-Angel’ heeft in Dokkum niets te zoeken en moet uit de weg worden geruimd.

Lês fierder by Hans Puper op MeandermagazineLês fierder

Blog Henk van der Veer: Dichter fan Fryslaan

logo.ensafh

Aflopen week kreech ik fan Friesch Dagblad journalist Patrick van ’t Haar ut fersoek om un eksklúsyf dichterlek kommentaar te leveren op ut inisjatyf fan de provinsy om un ‘Dichter fan Fryslân’ te benoemen.

Fanmòrren ston ut artikel in ut FD. Ok Arjan Hut leverde un dichterlek kommentaar.

Hieronder myn fers, foar ut artikel ferwies ik jum graach naar ut Friesch Dagblad.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: De Nobelpriis foar Donald Trump

logo.ensafh

Der binne minsken dy’t bisten sa belangryk fine dat se der in partij foar oprjochte ha. Dy minsken neame it ôfsjitten fan guozzen massamoard. Dêr soenen je in kollum oan weagje kinne.

Der binne minsken dy’t graach nei festivals geane. Dy festivals soargje foar oerlêst, dus folget der in rjochtsaak mei salvjende wurden. Alles kin trochgean, de gemeente krijt de skuld en de organisatoaren skriuwe eufoarysk harren wichtichste platfoarm Facebook fol mei dat de rjochters gelokkich it folk brood en spelen jûn ha.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: De Dichter fan Fryslân: fiif kânsen om de Ferkearde te kearen

logo.ensafh

Om foar te kommen dat de oansteande Dichter fan Fryslân it aansen ek yn har of syn plasse krijt om wat te skriuwen dat de provinsje net oanstiet – gedichten wêryn’t de provinsjale polityk der net sa moai foar wei komt hat gjin inkeld provinsjebestjoer nocht oan – hat de organisaasje – de Afûk – betocht dat der better fantefoarren in tal feilichheidsmechanismes ynboud wurde kin. Dan is de kâns ommers minder grut dat ‘wy’ achternei ferhaal helje moatte en freegje om in oar, mear ‘wervend’ fers by de dichter yn kwestje.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder