Kollum Ferdinand de Jong: T-Mobile en harren reklame

logo.ensafh

Okee, foarop sein: ik bin in taalgek. Mei in grutte leafde foar twa talen, it Frysk en it Ingelsk. Beide talen ha prachtige foarmen. It Frysk yn de Súdwesthoeke mei syn skieppeskuorredoarren is wer hiel oars as it Wâldfrysk, heite. Mar it hat beide syn sjarme. Dat wol sizze, as je it goed útsprekke. Myn mem learde my it Súdwesthoeks, mar trochdat ik al jierren yn de Wâlden wenje, is dy taalfariant my ek eigen wurden. Stellingwerfsk is Saksysk, ek hiel smout. Mar it falt en stiet mei hoe’t je it útsprekke.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek ‘Brek dyn klank’ fan Abe de Vries

logo.ensafh

Abe de Vries wurdt wol de Rachmaninov ûnder de Fryske dichters neamd. Oaren neame him in ‘briljante dwersbongel’. Dizze dichter lit him net yn in inkele sin omskriuwe. Wy ha te krijen mei in fakman dy’t syn klassikers kent en muoiteleas syn styl oanpast. Syn sânde dichtbondel Brek dyn klank is yn 2015 útkommen by de Gerben Rypmastichting en stiet no op de nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. It is in kreaze útjefte mei hurde kaft en in fersoarge foarmjouwing mei alle rûmte foar de gedichten. Pier Feddema fersoarge de yllustraasjes op de omslach, sketsen fan in roek en in frij ynterpretearbere oare fûgel dy’t we letter yn de bondel ûnder oare op it tsjerkhôf fan Dongjum weromfine.… Lês fierder