Grien is it kastke
mei in lyts rûn gat,
it berteplak foar mear
as ien, miskien wol sân
mei iepen snaffels
kear op kear.
Lês fierder by Willem Tjerkstra… Lês fierder
Grien is it kastke
mei in lyts rûn gat,
it berteplak foar mear
as ien, miskien wol sân
mei iepen snaffels
kear op kear.
Lês fierder by Willem Tjerkstra… Lês fierder
Marie Louise en ik tsjantelje fan Ljouwert nei Jelsum, op nei Dekema State. Yn it Ljouwerter bosk behimmelje we ús lunsj, wylst de sinne troch de beammen rûgelet. Yn ’e bûse it nije boekje Obe Postma Kuier, Fereale op it lânskip. By ferskate plakken yn ‘e stinzetún is in gedicht fan Postma útsocht.
Wat de gedichten fan Obe Postma oanbelanget, ik hâld mear fan syn frijere wurk as fan syn gedichten op rym en ritme. Net dat dy min binne, mar rigels as “Wiid oer ‘t lân seach ik in stedsje / Dûken yn ’e fierte op” (út De stêd, bondele yn 1918) krij ik bot jokte, al hoe knap sa’n fers fierder ek ynmekoar stekt.… Lês fierder
In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begjint it mei in gedicht fan Pieter Zijlstra (ek bekind as rapper Sample Text) út de nijste Ensafh. Gabrielle fytste de Alvemarretocht en Arjan rûn mei 14.000 oare dravers Loop Ljouwert.
Lês en harkje fierder by de Moanne… Lês fierder
Yn tsjinstelling ta wat faak tocht wurdt, is de Fryske taal net oan it útstjerren of sels mar yn ferfal. In resint ûndersyk nei de taal yn Fryslân lit in stabile taalsituaasje sjen mei in tanimming fan de skriuwfeardigens yn it Frysk ûnder sprekkers.
Lês en sjoch fierder by Goeie… Lês fierder
Jovan praat rap.
Nederlânsk, mar mei in dúdlik aksint. De wurden komme stakkato út syn mûle. Letter sil ik ta de ûntdekking komme dat er praat sa’t er skildert.
‘Ik krij hast gjin azem as ik midden yn in kreatyf proses sit,’ seit er.
Hy tinkt nei alle gedachten folle hurder as er út syn memmetaal yn it Nederlânsk fertale kin en hy wol safolle fertelle. Oer wat er tinkt en wêrom er sa wurket en wat syn skilderjen wol net foar syn libben, syn bestean, syn wêzen betsjut.
Lês fierder by Lomme en Jan Schokker… Lês fierder
Doe ‘k gisteraovend slaopen gaon zol en op ‘e raand van et bedde zitten gong, zakte ‘k deur et bedde henne. Gieniene kon de boel maeken, dat ik hebbe vannaacht op een metras op ‘e vloer slaopen. Ik hadde verwaacht da’k gien oge dichtedoen zol, mar ik hebbe best nog wel aorig goed slaopen.
Lês fierder by Johan Veenstra… Lês fierder
As dizze of jinge skriele, tuberkuleuze keunstrydster yn de maneezje op in strampelich hynder foar in net wurch te krijen publyk troch in swypslaande, ûnmeilydsume sjef moannenlang sûnder ûnderbrekking yn de piste yn it rûn dreaun wurde soe, wylst se op it hynder rûntsjemeallet, hântútsjes omstruit en de mul wiggelje lit, en as dat spul him ûnder it ûnophâldlike daverjen fan it orkest en fan de fintilatoaren oant yn de hieltyd fierder him iepenjende grize takomst fuortsette soe, begelaat troch it weistjerrende en wer oanboazjende applaus fan hannen dy’t winliken stomhammers binne – faaks soe dan in jonge galerijbesiker de lange trep troch alle rangen ôfstoarmje, de maneezje yndûke en Ho!… Lês fierder