Blog Daam de Vries: God foar ús allegearre en de rest foar my allinnich

logo.ensafh

It sit der wer op en ôfsjoen fan in grouwélich ynsidint oer wat yn in moskee is it allegearre och sa treflik ferrûn. Dat kaam tink ik ek om’t se net wisten dat wy yn tsjerke stimme moasten dêr’t nochal wat religieuze uteringen oanwêzich wiene om it mar net te hawwen oer oankundigingen fan kulturele festijnen. De drank fan bepaalde merken stie ek nochal prominint yn byld. En as wie dat allegearre noch net slim genôch, ien fan de stimburoleden wie krekt út de broek doe’t se myn paspoart en sa bestudearje moasten.

Lês fierder by DaamLês fierder

Optimisme tsjinoer skepsis oer KH2018 by Ateliergroep Nijlansdyk

logo.ensafh

De keunstners fan Ateliergroep Nijlânsdyk yn Ljouwert litte krityske lûden hearre oer KH2018. Ik woe wolris hearre wat harren krityk krekt is? En hoe is de belutsenheid by KH2018? At dy der net is, hoe moat der dan wat oan dien wurde? Yn dizze reportaazje besykje ik de negative kreativelingen, mei help fan de optimisten yn de groep, wat enthûsjaster te meitsjen. Want 2018 komt hieltyd tichter by en it brûst nei myn idee noch net echt op dit kreative briedplak. Dat is it âld-skoalgebou nei 8 jier wol wurden. Ik hear fan de nije plannen en projekten dy’t der binne.… Lês fierder

Besprek ‘De aap foar de bokkewein’ fan Eppie Dam

logo.ensafh

Doe’t ik foar it earst de poëzijbondel De aap foar de bokkewein fan Eppie Dam iepensloech, waard ik fuortendaliks magysk meilutsen yn ’e beweging fan de foarfallen dêryn. Yn it jier 2016 (yn de Sineeske kultuer it jier fan de Aap) foel der foar de dichter mei wissens in protte te rymjen, sels oer foarfallen dy’t net sa maklik te rymjen wiene. Om’t ik fan natuere in soad fan ynderlike reizen hâld, seach ik (al wie dat inkeld yn myn ferbylding) de spannende swalkerstocht mei de bokkewein troch de belibbingswrâld fan ’e dichter, dy’t mar leafst fan 1 jannewaris oant 10 novimber duorje soe.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Stimferklearring

logo.ensafh

Wy sille der hoe dan ek út moatte want om al dy arguminten yn it stimhokje ôf te wagen wurdt in spul fan neat fansels. Boppedat bin ik net fan doel myn miening by te stellen nei oanlieding fan ien as d’oar ynsidintsje fan mens-erger-je-niet-boartsjende politisy. Dat kinne se no allegearre noch sa breed útmjitte en mei oan de haal gean (Buma!!!) mar sa binne wy dus net troud.

Lês fierder by DaamLês fierder