Net alles ferrint optimaal, mar op syn minst bin ik fjouwer projekten fierder. Fier foar de falbilen út, wat moai meinommen is, want ik ha alwer nocht oan oare dingen. Sa’n ûndernimmend brein is wolris wat lestich. Wat soe it noflik wêze as ik in kear gjin plannen meitsje soe. Tefreden wêze mei hoe’t it rint en tiid ha foar spontane ynjouwings. Soe ik dan net folle better skriuwe? Yn alle gefallen soe ik dan genôch sliep krije. Soks hâld yn de regel net lang stân. Ferline jier ha ik it alris besocht: de oeren op it wurk draaie en fierder oan frijetiidsbesteging dwaan.… Lês fierder