Snetterje, plûnse, spatterje, gûnzje, stil is ’t hjir abslút net! De kikkers kwake oerstjoer, no ja kwake? Neffens master Elzinga wie der by dizze amfibyen gjin sprake fan kwaken, einen kwaakten, mar kikkerts makken neffens him in hiel oar gelûd. Hy hie der blykber in stúdzje fan makke, en mocht dat graach demonstearje. Dat byld fan master dyt in kikkert neidocht, ik kin ‘t sa foar my helje….. Rik kik kik kwâ…de klam op de bylûden… rrrikikik kwââ.. Mei in kokhalzjende beweging spuide er dy kwâ der út.. kwââ…
Lês fierder by Ypie Haitsma… Lês fierder