Blog Daam de Vries: It brief

logo.ensafh

Nim no sa’n gefal as Snits. Dat is dat stedsje yn Súdwest-Fryslân, it wetterlân dus. Der is gjin gemeente yn Fryslân dy’t safolle kadootsjes fan it kultuerregear krijt as krekt Súdwest-Fryslân. En wat dogge de Snitsers? Dy wegerje de útstutsen hân! In freonlik knikje kin der net iens ôf. Se sizze dêr deagemoedereard: wy hoege dy rotsoai net en alhielendal net op dat plak! Hoe hufterich kinne jo wêze? En it binne net samar in pear Snitsers dêr’t gjin grisseltsje hoflikens oan te bespeuren is mar ek dyselden fan kwizekwânsje.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Grutte gedichtejûn

logo.ensafh

Freed bin ik derby om lykas de oaren ien gedicht foar te dragen. Yn Neushoorn wurdt dan de lang ferwachte dichtersmaraton holden. It gedicht moat ik noch skriuwe, mar der is noch tiid sat. Woansdei bin ik frij, dus dan wol ik sowieso in pear dingen oanpakke, wêrûnder myn nifelwurk. Ik ha no genôch wc-roltsjes om de basis ôf te meitsjen. Dêrneist ha ik noch wat skriuwwurk lizzen. As ik dan dochs oan it skriuwen bin, kin ik ek wol wat dichtsje.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: Smoke

logo.ensafh

Smoke

Dizze moanne is it in jier lyn dat ik myn lêste shagje rookt ha. No wie ik net in echte smoker, mar ien fan de spesjale gelegenheden. Feestlik dus: in konsert, in kafeejûn, in resepsje. Dat brocht my it gefaarlike ymago fan bietser, feitliks in skande ûnder de karakterrokers. Ofkomstich út Beetstersweach stie ik dan ek bekend as The man from Bietstersweach. Meastal begûn ik de skoaipartij mei in ynterresearre fraach as ‘Hoe is it mei dyn wurk?’ of ‘Is de lekkaazje oan dyn nije badkeamer alwer ferholpen?’, wêrnei ik it antwurd ek noch kreas ôfwachte en ferfolgens keihurd tasloech mei ‘No, leuk ju.… Lês fierder