Blog Sigrid Kingma: It bêste fan 2016

logo.ensafh

Jûn seach ik ris oer it skouder en ik ferwûndere my. Soest it net sizze, mar ik ha al 144 blogs skreaun. Yn totaal ha ik ek al mear as 900 lêzers hjir hân. Dy ha grif net alles lêzen. It allegear werom te lêzen sil meardere jûnen kostje. Dat doch ik sels pas oan de ein fan it blogjier. Al bin ik wolris ûntefreden oer myn skriuwsels, yn de regel skriuw ik mei selsfertrouwen, wat ik in goede ûntwikkeling fyn. Dat hat wol oars west.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Baukje Zijlstra: De magy fan it wurd, hoe dan ek

logo.ensafh

Yn april 1989 waard it VPRO-televyzjeprogramma Nauwgezet en wanhopig útstjoerd, fjouwer ôfleveringen fan twa oeren wêryn’t Wim Kayzer neat oars docht as fjouwer skriuwers ynterviewe: Jorge Semprún, George Steiner, György Konrád en Gabriël García Márquez. Dit wurdt tsjintwurdich slow television neamd, mar it stiet my net by dat dy term doe al útfûn wie, de wrâld yn it algemien wie doe blykber noch sa stadich dat slow neat spesjaals te betsjutten hie.

Lês fierder by Baukje ZijlstraLês fierder

Kollum Geart Tigchelaar: De Obe

logo.ensafh

It wie my in grutte eare dat de sjuery Erik of it lyts ynsekteboek (útjûn by Regaad mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen) de saneamde Obe Postmapriis oan my útrikke woe op 4 novimber. Dat is de priis yn Fryslân foar de bêste oersetting. De ivige rom, dêr docht men it fansels foar as men jin dwaande hâldt mei de Fryske literatuer en in dofke jild is dêrby moai meinommen. Sûnder gekheid, in stikje erkenning is hartstikkene moai en de oarkonde hat in moai plakje yn myn antykreaklokaal krigen.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Minder, minder, minder

logo.ensafh

Se rinne hjir om mei in air fan: dit is allegear fan ús, proastich as stoaterse hoantsjes. En it binne der net in pear, mar hieltyd gruttere kloften dy’t hjir omstrune sûnder fierder in klap út te fretten. Dêrby steure se har net oan de regels dy’t wy hjir mei-elkoar ôfpraat hawwe. Yn de praktyk betsjut it dat as ik sa’n groepke oankommen sjoch, even goed útsjoch, hielendal as ik op de fyts bin, want se stekke oer sûnder út te sjen.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Besprek Marten Hepkes Bakker: ‘Dan krije ek de fûgels dien’

logo.ensafh

Marten Hepkes Bakker (1848-1927) schreef zo’n tweehonderd Friese gedichten en werd tot nu toe niet veel meer dan een volksdichter genoemd. Werk van hem is dan ook nooit eerder gebundeld, nauwelijks in literaire bloemlezingen opgenomen of besproken in een literatuurgeschiedenis. Abe de Vries doet nu een niet onaardige poging om Bakker min of meer te rehabiliteren.

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder