Blog Sigrid Kingma: In nije bondel

logo.ensafh

It is in misliedende blogtitel. Soks neame se mei in moai Ingelsk wurd in clickbait. Yn dit gefal is it net in teloarstelling. It is nammentlik net myn nije bondel, mar dy fan in bettere dichter as my. Hjoed wienen we by de presintaasje fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen: Ynbyld. It waard yn lytse kring fierd, en it wie yn alle opsichten yndrukwekkend. As ik letter grut bin, wol ik ek sa skriuwe kinne.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Wa doart noch te bestjoeren?

logo.ensafh

It drama mei de ynstoarte dug-out yn Twizel krijt in sturtsje. Wie de feriening earder frijsprutsen fan ferfolging, it Gerjochtshôf hat yn heger berop besletten dat der dochs strafrjochtlik nei de saak sjoen wurde sil. Yn de krante stelde de sjoernalist dat dit nijs hurd binnenkomme sil by de klups en de provinsje. Ik tink dat dat nochal sêft útdrukt is. Neffens my fielt dit as in mokerslach, of miskien sels wol as in mes yn de rêch.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek Arjan Hut – Aurora Bossa Nova

logo.ensafh

Grafisch ontwerpster Monique Vogelsang maakte een kleurig en vrolijk stemmend omslag voor de nieuwe dichtbundel van recensent/dichter Arjan Hut (1976), Aurora Bossa Nova. Daarbij liet ze zich inspireren door platenhoezen van bossa-novamuziek uit het eind van de jaren vijftig. Het omslag past uitstekend bij de gedichten uit deze vierde dichtbundel van Hut.

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder

Blog Ypie Haitsma: Tiden feroarje

logo.ensafh

Tiden feroarje…

Septimber 1975

Yn it rûne, mei ljochte krolhier omliste gesichtsje, glommen in pear helderblauwe eagen. Se hie in ljochtblau breiden jaske oan, in jurk mei blomkes en fan dy skattige wite skuontsjes. It wie myn njoggende jierdei en sy wie it aldermoaiste kado dat ik oait krigen hie.
Ik wie tige wiis mei har en koe tiden mei har ompopkje. Mei babysjampo wosk har ik glêde lyfke, boarstele it hier oant it glânzge, draaide der stutsjes yn en drukte tútsjes op de rôze lippen en de plestik wangen. Moarns foar’t ik nei skoalle gong, lei ik har yn it nije reiswidske fan rútsjesstof en bestoppe har ûnder it rôze wollen tekkentsje.… Lês fierder