Sûnt ús Fryske iisbrekkers, de bruorren Halbertsma, nij libben yn ’t beoefenjen en lêzen fan de Fryske taal brocht hawwe, is der yn ús letterwrâld folle ta stân komd dêr’t fantefoaren gjin tinken oan wie. De ûnferjitlike Harmen Sytstra, nou koartby, nei ús ynsjen, fierste gau ferstoarn, wie de earste dy’t it ûndernaam om in Frysk tydskrift (Iduna) út te jaan, wat er oan syn dead ta folhâlden hat, en dat fêst ûnder ’t bewâld fan ’t Selskip Foar Fryske tael- en Skriftekennisse wol yn stân hâlden wurde sil.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder