Wat soarget foar de bêste garânsje dat it drûch bliuwt as je nei bûten ta geane? Krekt. Nim in paraplu mei. Grutte kâns dat je him net hoege te brûken. Hoe losse je pine yn de mûle op? Meitsje in ôfspraak mei de toskedokter en de kwaal is faak al wer oer. It binne fan dy net skreaune wetten. Myn beppe wie in apart meubel, as der in stien op it fytspaad lei, sei se: ‘Dêr moat ik net oerhinne fytse.’ Dus stuitere se der boppe-op. It binne nuvere saken, mar jim sille se grif ek wolris meimakke ha.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder