Nieuwe online bibliotheek live in juni

logo.ensafh

De Bibliotheek biedt steeds meer digitale diensten.|
Niet alleen e-books, maar ook online cursussen en natuurlijk de audioboeken van de LuisterBieb. Omdat de huidige website van de Bibliotheek niet meer geschikt is om deze diensten op een goede manier te presenteren wordt er in juni een nieuwe website gelanceerd, de online bibliotheek.

Lês fierder by eReaders nieuwsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It jonkje yn de jurk

logo.ensafh

Op ien fan dy moaie simmerske dagen fan foarige wike kaam ik se foarby. Twa folwoeksenen en in bern. Ik sis mei sin net heit, mem en soantsje, want dat wie net dúdlik. Myn nijsgjirrichheidsmeter sloech út as in geigerteller yn Fukushima. Wy rekken oan de praat, en se fertelden my dat se ‘genderneutraal’ oan it opfieden wiene. It doel dêrfan is om gelikensens tusken man en frou ôf te twingen, troch it ferwiderjen fan geslachtsstereotypen út de libbensweareld fan bern. De panty sakke my der spontaan fan ôf, ek al hie ik dy net oan.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: Wintersport

logo.ensafh

Ik ha dit jier op wintersport west. Krekt foardat de maitiid los gie ha ik de stoute skiskuon noch oanlûkt. De helling dêr’t ik fanôf nei ûnderen fleach wie net samar in helling, mar de langste fan ’e wrâld. Dat docht wat mei in mins: foar hellings jildt dat as de ski’s ek mar ien meter tajouwe de skiër net mear werom kin en de ôfdaling definityf begûn is. Wa’t ienris glidet, moat it dus fuort ha fan syn technyk, oanpassingsfermogen en in mear as sûne doasis lef.

Lês fierder by Jaap KrolLês fierder

Poëtyske ankerplakken: Piter Boersma

logo.ensafh

Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Piter Boersma dy’t yn Earnewâld ynspiraasje opdie. “Ik kom hjir al fan myn sechde ôf oan. En ik moat sizze, skriuwe oer in ûnbekend gebiet is faak noch makliker as oer Earnewâld, dêr’t ik al salang kom. Hjir kin ik safolle details en hjir lizze safolle oantinkens, dat je der soms wolris in omkomme as je mei in gedicht dwaande binne. De Alde Feanen, dat is eins myn paradys.”

Lês en sjoch fierder by de MoanneLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Iepenbiere brieven

logo.ensafh

It is noch wol efkes aardich om oer de argyfstikken fan Diet Huber te skriuwen dy’t ik tongersdei besjen mocht. Ik sis mei neidruk besjen, want ik mocht letterlik allinnich sjen, en allinnich ûnder tafersjoch. Dat hold safolle yn dat ik tusken it personiel yn de achterkeamers pleatst waard. Gjin kopyën, gjin foto’s. Wol mocht ik safolle oerskriuwe as ik mar woe. Ik ha trije mapkes súksesfol opfrege. In oere letter, mei in lamme hân, wie ik troch de nuttige ynformaasje hinne. Foar de rest moat ik mar in fotografysk geheugen ha, want it wienen foar in grut diel swartwytfoto’s fan Cyprus en in oantal oansichtkaarten yn kleur.… Lês fierder