Blog Sigrid Kingma: Boekje lêze

logo.ensafh

Wêrom ha wy gjin Fryske skriuwers dy’t sokke útsûnderlik goede boeken skriuwe? Ik soe my sa foarstelle kinne dat in no begjinnende Fryske skriuwer oer tritich jier sa’n boek skriuwe kinne soe. In debút is wer wat oars, mar it soe al hiel moai wêze as der überhaupt wat nijs útkomme soe dat it nivo fan de Nederlânske literatuer hellet. Poëzij is wat oars, Fryslân is ryk oan baas dichters, mar folwoeksen proaza, dêr hat it Frysk literêre fjild noch in kwaliteitsslach te meitsjen.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Besprek ‘Wolf yn harnas’ fan Cornelis van der Wal

logo.ensafh

De lezer van de achterflap van deze nieuwe bundel wordt overdonderd door een stortvloed aan kwalificaties. Ook worden de gedichten in deze bundel vergeleken met het werk van de Franse decadente symbolist en visionaire dichter Arthur Rimbaud tot wie ook Slauerhoff zich aangetrokken voelde. En de achterflap stelt veel vragen, maar geeft geen antwoorden, want: ‘De gedichten houden het open’. Moet je als lezer toch nog zelf aan het werk, wat voor een echte poëzieliefhebber geen ramp is. Die wil dat wel, zelf zoeken naar wat er nu eigenlijk staat en dat is ook in deze bundel van Van der Wal weer een vruchtbare bezigheid.… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: fontein

logo.ensafh

Oer de helte fan de dei; oer de helte fan de reis: oer de helte fan it libben en noch sa folle te sjen. Al hie ik pas in fraksje sjoen, ik ferhastige my net. Ik folge in spoar dat op sealbuordsjes en plattegrûn ûntbriek. It wie myn eigen spoar, de rûte fan it sin. Dat is yn in museum noait ferkeard. Sigesaagjend tsjin de tried fan de streamen yn, soms even rap foar in buslading folk del, of iensum troch de stille sealen mei alles foar dysels allinnich.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Fersefilla: Libben en dea mei elkoar ferbûn

logo.ensafh

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistich libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.

Diel 8: Adviseur Cees van Mourik út De Gaastmar oer it fers Heit fan dichter C.O. Jellema (1936-2003) yn in oersetting fan Frisist Taeke Hoekema (1923-2003).

Sjoch fierder by Finsters op FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Dy’t it sinneljocht net ferdrage kin

logo.ensafh

Myn Huberplannen wurde ferset nei tongersdei. Ik ha wol by Tresoar west, mar tocht krekt wat te maklik oer it opfreegjen fan stikken. Guon korrespondinsjes komme pas nei 50 jier frij. Ik kin se miskien ynsjen as ik in spesjaal fersyk yntsjinje. Dêr moat ik mar efkes achteroan. Yntiid ha ik wat stikken fûn dy’t wol iepenbier binne. Dy binne hooplik tongersdei oan bar.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder