Ferhaal Teije Brattinga: It eigenwize koweblomke

logo.ensafh

It eigenwize koweblomke

Op it griene hiem stie in pôle koweblomkes te pronkjen yn ’e sinne, blomkes mei allegear in giel hertsje en in krânse fan wite blombledsjes deromhinne. Se hiene it wakker nei it sin. Op ien nei. Dy fûn syn hertsje net sa moai mear. Dat kaam ek omdat alle koweblomkes itselde hertsje hiene: rûn en mei in dimmene giele kleur. ‘Wêrom moatte wy allegear itselde hertsje hawwe’, tocht it koweblomke. It woe wol wat oars. Mar dat falt foar in koweblomke net mei. Wat oars, mar hoe dan? Hy frege dat oan in flinter dy’t by him op besite kaam.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Shit happens

logo.ensafh

Persoanlik fyn ik in besite oan de WC meastal net ien fan de hichtepunten fan de dei. Ik wit net hoe’t jim der oer tinke, mar it binne fan dy saken dy’t je moatte, mar net echt nei útsjogge. Yn de literatuer wurdt yn spannende passaazjes ek hast nea gjin romte jûn foar in beskriuwing fan besite oan nûmer hûndert, want dat remmet de gong fan it ferhaal. Earlik sein is dat flauwekul, want je moatte dochs in kear as wat deis en wêrom soenen je dat dan net beskriuwe?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Johan Veenstra: flaptekst van mien ni’je boek

logo.ensafh

De gedichten van Johan Veenstra in De overkaant van et waeter bin hiel persoonlik. Ze gaon over himzels, zien moeder, onbekende vader, (half)breur en kammeraod. Ze sluten as et waore an bi’j zien (diels) autobiografische romans Een brogge van glas en Een vrouw van ivoor. De dichter dust kwetsber te wezen. Hi’j lat de lezer toe in zien leven en schrift daor sfeervol en mankeliek over in de tael van zien hatte.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder