In Amerikaanske flecht. De KFFB en it Fryske boekefak
Doe’t de KFFB yn 1959 presys 25 jier bestie, wie der alle reden ta feest. Yn dat sulveren jier koe men it tsientûzenste lid temjitte sjen en waarden der 33.000 boeken ferkocht. De omset fan dat jier wie mei fl. 86.000 mear as alle oare Fryske útjouwers by inoar. En de groei wie der noch net út. In pear jier letter, yn 1962 wiene der sels 12.283 leden en in omset fan likernôch fl. 100.000. Ien fan de sprekkers op it jubileumfeest yn de Harmonie yn Ljouwert, útjouwer A.J. Osinga, neamde de hege flecht dy’t de KFFB naam dan ek ‘hast Amerikaansk.’… Lês fierder