Kollum Willem Schoorstra: Fietsen is gezond. Eet meer fiets

logo.ensafh

Leau it of net, mar ik siet om sân oere al klear. Bak kofje yn de rjochter en papierke yn de linkerhân. En minsken om my hinne dy’t my ferbjustere oan stiene te sjen. Want ik wie mear as in oere te betiid. Ja, it is wer safier: myn bio-ritme is krekt like bot yn ’e war as it kopke fan Bonny st. Clair. Twa kear yn ’t jier is dat it gefal. Simmer- en wintertiid.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Eight Horror Films About Writers

logo.ensafh

Horror films are exercises in hyperbole. Writers are perfect characters for these tales of dread. Writers often become lost within the worlds of their minds. Their devotions to stories and poems can develop into frenetic obsessions. Writers crave solitude and distance, creating a barrier from the outside world. In a profession where rejection is constant, writers might take out their frustration on friends, partners, and children.

Lês en sjoch fierder by The MillionsLês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: The Godfather

logo.ensafh

De ôfrûne wike haw ik de dvd-boks fan The Godfather fan regisseur Francis Ford Coppola der wer ris by krigen en de films ien foar ien besjoen – ien kear yn ’e fiif, seis jier doch ik dat. It alom bejubelde epos oer de maffia-famylje Corleone spilet him ôf yn New York, Nevada en op Sicilië en oerspant sawat in hiele ieuw. Dit kear wie it ekstra spesjaal, want ik haw se achter inoar besjoen. Mear as njoggen oeren famyljebesognes, dea en geweld, dat is wol in útdaging.

Lês fierder by Jaap KrolLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XIV

logo.ensafh

Tsjin de diktatuer fan Facebook en oare social media yn wurde der noch hieltyd ansichtkaarten makke. Yn Nederlân is de produksje al desennia lang foar in wichtich part yn hannen fan de firma Van der Meulen yn Snits. In grutte spylder yn de begjintiid fan de Nederlânske ansicht wie J.H. Schaefer yn Amsterdam. Wa wie hy? Yn de meardielige publikaasje De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart (1987–1993) fan H.J. Haverkate wurdt er identifisearre as Jan Herman Schaefer, berne yn Amsterdam op 9 july 1876. Mar dat kloppet net.

Lês fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Blog Henk van der Veer: Literêre bonbon fan Hylkje Goïnga yn fraaie ferpakking!

logo.ensafh

Wat in aardige ferrassing lei der ferline wike bij mij op’e doarsmatte, in prachtich foarmjûn bondeltsje met tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga ( 1930 – 2001) . Net de twa kear in hânfol ferhalen ferrasten mij, dy koe ik al en ik haw gelokkich al har wurk, mar it omslach.

Dat is nammentlik makke troch Hylkje Kroon, in beppesizzer fan de skriuwster.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder