Kollum Jaap Krol yn FD: Ah

logo.ensafh

Ien fan de nuvere aspekten fan it libbensproses is it tanimmende gebrûk fan it wurd ‘ah’. As ik bygelyks de kaai fan myn hûs falle lit en opkrije moat, sis ik it geregeld. Wannear ik fan de fyts stap en dy it hok yn triuw, brûk ik it om my in bytsje foarút te helpen. As ik nei wat heechs rikke moat, kin ik der net ûnderút, krekt as wannear’t ik mei in folle panne snert fan de keuken nei de keamer rin.

Lês fierder by Jaap KrolLês fierder

Blog Kitty Madison: Ferlechje

logo.ensafh

Tusken 25 july en hjoed sit – rom besjoen – trije moannen. Al dy tiid haw ik neat skreaun op myn bloch, gjin letter. Ik lûk it laad mei ferlechjes iepen, en sykje ûnder de letter “T”. Fan tiid bygelyks. Ik jou it ta, ik brûk dat ferlechje “tiid” wol faker, mar no is dat net samar. De ôfrûne tiid ha ik écht gjin tiid hân. De ôfrûne moannen wienen foar my in soarte fan wedstriid. Myn tsjinspieler wie it waar, mei de waarman fan it sjoernaal as skiedsrjochter.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

Mata Hari-kenner kritysk: “De Spion, een prul van een boek”

logo.ensafh

“Ik vind het een prul van een boek”. Gerk Koopmans sprekt dúdlike taal oer it Nederlânsktalige boek ‘De Spion’ fan Paulo Coelho dat twa wiken lyn ferskynd is. Koopmans is Mata Hari-kenner en âld-konservator fan it Fersetsmuseum. Hy fynt dat Coelho gjin inkel gefoel hat foar wa’t Mata Hari wie yn dy tiid. Hy brûkt wurden dy’t doedestiids net brûkt waarden.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Remco Ekkers: Gedichten als propaganda

logo.ensafh

Geert Buelens vraagt of er ook sociaaldemocratische dichters bestaan. Zijn er dichters die propaganda maken voor Samson of voor de PvdA? Nee natuurlijk. Er zijn ook geen socialistische dichters meer. Vroeger waren ze er wel: Gorter, HRH, Adama van Scheltema en Abraham van Collem. De PvdA heeft tot voor kort nog HRH’s vertaling van de Internationale gezongen.

Lês fierder by Remco EkkersLês fierder

Blog Daam de Vries: Sa monogaam as de pest

logo.ensafh

De Nederlanners binne lilk. Dûm is faaks in better wurd. No binne Nederlanners nochal gau fan ’t hynder fansels. Sa hoecht der hjir of dêr mar in nei religy útskaaiende gearkomste te wêzen dêr’t net elk alle lûden likegoed fan opheine kin en Nederlanners binne dan de earsten dy’t de stekker út de taal lûke. Dêr komt fierder noait net wat fan, yn oare lannen binne se wat dat oangiet in stik yntoleranter.

Lês fierder by DaamLês fierder