Ik naam in dûk
yn de oseaan fan de Welle
en waande my yn de Pacific,
oer alle banen sylde soel
it sinneljocht fan east nei west.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Ik naam in dûk
yn de oseaan fan de Welle
en waande my yn de Pacific,
oer alle banen sylde soel
it sinneljocht fan east nei west.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Nei in moaie, waarme byienkomste yn De Tysker te Easterwierrum wie it har man sels, Jan Schotanus, dy’t Marja Schotanus-Popma op 12 jannewaris lêstlyn mei harren eigen Ford te hôf brocht, by de âld toer op Tsjerkebuorren, dêr’t Marja lang op past hat. Se waard 71 jier. Tegearre mei Jan bestierde se Utjouwerij Audiofrysk en tekstburo DAT, dat in ôfkoarting is fan wat har lêste rêstplak wurde soe, De Ald Toer. Marja waard berne yn 1953 as dochter fan de ferneamde keunstner Jentsje Popma en syn frou Jo Gall, dy’t minstens sa keunstsinnich wie, mar har benammen yn tsjinst fan har man stelde.… Lês fierder
Sa’n tritich jier lyn, krige ik yn in leargong fan de stichting Bedriuwskunde fan dosint Paul Valens silger tafoege: ‘Jaap is in meunster yn strategysk tinken, mar isolearret him dêrmei aloan mear… in foech Nietzsche.’
It wol my oan dat ús mem wat koarter om ’e hoeke wie at se sei: ‘Slûge soe ek, mar hy stoar earder.’
Lês fierder by Jaap Slager… Lês fierder
De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De Sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning de klupkas te spekken!
Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan Fryslân… Lês fierder
Arjan Hut sjocht graach nei Fryske bondelomslaggen. Dizze poëzywike lit er alle dagen in ûntwerp sjen dat him opfalt.
By De Rode Loper yn Ljouwert ha se in hiele kast fol mei Fryske dichtbondels. Ik krige in stoel en gie der ris goed foar sitten. Guon omslaggen binne tige keapsjoch, kreatyf betocht en falle moai op tusken de omslaggen dy’t net mear biede as in namme en in titel op in gauris grize achtergrûn. Ien fan de bondels dy’t der úthipte is dizze, Wyldewrang fan G.N. Visser. Dy giet mei nei hûs!
Lês en sjoch fierder by de Moanne… Lês fierder
90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 3
Hy ûntduts de leafde foar it skriuwen op lettere leeftiid, sy die as bern oars neat as ferhalen optekenje. Anders Rozendal en Jikke Olivier skriuwe romans foar de Kristlike Fryske Folksbibleteek. Nei 90 jier hâldt de KFFB dermei op. De iene leit de pinne dêrom no foarearst del, de oare siket om in nije útjouwer.
Lês fierder by Frisistyk… Lês fierder
Oan de eastkant fan Ljouwert leit keunstnersdoarp Asgaard. Oan de westkant fan de haadstêd stiet it Crystalic Business Park. Hiel prominint skitteret de glêzen piramide fan Crystalic yn de ûndergeande sinne, wannear’t Elmar Kuiper op it poadium yn Asgaard stiet. It is de simmer fan 2023, en de lange dichter teart in briefke iepen, dêr’t in nij fers op stiet. It hjit fan Business Park.
De jûn is organisearre troch Gabrielle Terpstra. In hantsjefol minsken is derop ôfkommen. We sitte tusken de hinnen en de katten op âlde banken en stuollen. Om ús hinne binne wenten en oare romten dy’t oprize tusken de planten as binne se sels ek út in siedsje groeid.… Lês fierder