Der wie ris in kollega dy’t my frege wat ik fan al dy ynstjoerde stikken fan de lêste tiid oer de Fryske taal fûn. ‘Dy faak negative stikken,’ heakke er dêr slûchslim oan ta. Ik sei tjin him dat soks my de muoite fan it praat net wurdich wie. Net allinne omdat se ynhâldlik likefolle om it liif ha as Kim Holland yn in achtbaan, mar benammen omdat it altyd op itselde útdraait, nammentlik it jild. De lamentaasjes fan de anty-Friezen ha altyd in ekonomyske útkomst.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder