It wie my in grutte eare dat de sjuery Erik of it lyts ynsekteboek (útjûn by Regaad mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen) de saneamde Obe Postmapriis oan my útrikke woe op 4 novimber. Dat is de priis yn Fryslân foar de bêste oersetting. De ivige rom, dêr docht men it fansels foar as men jin dwaande hâldt mei de Fryske literatuer en in dofke jild is dêrby moai meinommen. Sûnder gekheid, in stikje erkenning is hartstikkene moai en de oarkonde hat in moai plakje yn myn antykreaklokaal krigen.
Lês fierder by de Moanne… Lês fierder