Besprek ‘Reade triedleas’ fan Sigrid Kingma

logo.ensafh

De bondel Reade triedleas/Red wireless fan Sigrid Kingma leit al in pear wike op de boekeplanke ûnder ús foartafel. In besprek fan dy twatalige bondel skriuwe, dat wie krekt wat foar my, tocht ik. Want yn ’e hûs prate wy Ingelsk en Frysk, en sûnt koart set ik ek oer nei it Ingelsk. Mar it falt noch net ta. Net om’t der gjin moaie Fryske gedichten yn de bondel steane – krekt oarsom, der steane in pear knappe gedichten yn, mar om’t ik de mearwearde fan de Ingelske oersetting net sjoch. Reade triedleas wurket net yn it Ingelsk. Mar it duorre efkes foar’t ik begriep wêrom net.… Lês fierder

Blog Janneke de Boer: Aldwivepraat

logo.ensafh

“Set dat der mar net yn”
Meastentiids krij ik dizze net te missen wink. Fan ‘e wike joech ik ‘m sels. In petear mei de doarpskrante doe’t ik myn entûsjasme net langer foar my hâlde koe. It wurk wêr’t ik my no al dagen efterinoar mei dwaande hâld liet him net langer fuortstopje. Sels fyn ik it te leuk en ek de rest yn ‘e hûs krijt der in glimk fan om ‘e mûle. Mar set dat der mar net yn, sei ik. It moat earst allegear noch mar. It kin samar binnen trije wike yn de container lizze.

Lês fierder by Janneke de BoerLês fierder