Blog Sigrid Kingma: Sneinsriders

logo.ensafh

Doe’t we werom thús wienen, wie it al tsjin de middei. Ik ha it boek Bêste jonge fan Geart Tigchelaar der wer ris by pakt. Foar no bin ik as ûnbefoaroardielde lêzer noch benijd wêr’t it hinne giet, mar nei alle gedachten wit ik de útkomst al. Eins is dat net earlik, dan krijt it ferhaal net te kâns om echt te ferrassen. Mar faaks giet it wol in hiele oare kant op as ik tink. Ik hoopje stikem op in net al te autobiografysk ferfolch.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Rassist

logo.ensafh

Ik bin in soarte fan rassist, bin ik bang. Want ik bin bêst wol bliid dat ik mei in Fries troud bin en net bygelyks mei sa’n Hollanner of in Amerikaan dy’t de hiele dei eamelet mar úteinlik neat seit. Kleur, ras of aard makket my neat út, salang’t it my mar net te drok oan ‘e holle is. Jou my mar gewoan in nochtere Fries. Sa’n ien dy’t earder te min as tefolle seit.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Unbeskoft petear

logo.ensafh

Ik ferwachtsje net fan elk dy’t jonger as my is dat dy my mei ‘jo’ oansprekt. Dat ferwachtsje ik lykwols al fan poerfrjemden, ek as dy âlder as my binne.

Nei ferrin fan tiid kinne de ferhâldings feroarje en dan is it goed mooglik dat wy begjinne te dookjen. Neat mis mei. Mar der is ek noch in tuskenfoarm yn it Frysk en hoewol’t ik gjin eksakte leeftydsferskillen oanjaan kin is it dus hiel goed mooglik dat ien fan sis mar tweintich jier jonger my mei ‘Daam’ oansprekt. Dat wurket fierder ek treflik yn in wurkjouwer-wurknimmerferhâlding dêr’t se sawat liket âld binne en mooglik wol yn mear situaasjes.… Lês fierder

Frysk blinder

logo.ensafh

Der binne guon dy’t sizze dat it tafalt, mar it giet min mei it Frysk en dat jildt ek foar oare minderheidstalen. Ekonomyske needsaak om sokke talen te brûken is der meastal net. Migraasje fan minsken mei in gruttere en dus sterkere taal foarmje ek in bedriging. Eltsenien dy’t op ús skoalpleinen omrint, kin mei eigen earen konstatearje dat der wat langer wat minder Frysk praat wurdt, ek troch de bern dy’t Frysktalich binne. Heech tiid om der wat oan te dwaan, om te begjinnen by it ûnderwiis.

Lês fierder by Feie Fonyk op It Nijs… Lês fierder