De gemeentedichter fan Smellingerlân skoot by ús oan! Erik de Boer fertelt oer syn aventoeren as dichter yn tsjinst en draacht it gedicht foar dêr’t er de baan mei ‘wûn’. Boartlik, urgint (driuwend?) en tagelyk snobbersguod foar de earen! De kachel stiet oan en we waarmje ús hannen oan in bakje tee. Arjan haffelt op koeke en stelt fragen. David Lynch is stoarn, wat is syn ynfloed op de Fryske poëzy?
Lês, harkje en sjoch fierder by de Moanne… Lês fierder