Kollum Ferdinand de Jong: In the year 2045

logo.ensafh

Yn it jier 2045 bin ik 76, as ik it meimeitsje mei. Dat is neffens de hjoeddeistige sifers de leeftiid fan in jongkeardel. Wy wurde allegearre stokâld, de bern dy’t no yn de widze lizze, sille, as se sûn bliuwe, samar tachtich wurde. Dizze wike kaam ik in tweet tsjin wêryn’t wittenskippers út it Pentagon harren brainstoarmjen oer de wrâld yn 2045 út de doeken dienen. Rûchwei komt it hjir op del: wy hoege aanst sels neat mear te dwaan, want der binne robots en masines ûntwikkele dy’t it wurk foar ús dogge.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Neaken en bleat

logo.ensafh

‘Dêr giet wer in tradysje,’ krige ik fan ien op it pantsje doe’t bekend waard dat ik in foto meitsje litten hie as ûnderdiel fan de Gysbert Japicxpriis yn stee fan in skilderij. Sels kin ik my better fine yn de draai dy’t Bert Looper der juster oan joech: ‘In stylbreuk’. Oft dat betsjut dat der letter mear foto’s folgje sille, wit ik fansels net.

Lês en sjoch fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Tulpen

logo.ensafh

De kommersje hat foar my in grut part fan de desimberwille bedoarn. Doe’t de bern noch lyts wiene en nei de simmerfakânsje de pipernuten al yn ‘e winkels leine, tochten se fansels dat Sinteklaas hast wer kaam! ‘Nee leave, dat duorret noch in hiel skoft. We hawwe no de simmerklean noch oan mar as de winterjas en de moffen oan kinne, dan duorret it meastal net sa lang mear.’ Mar hast tagelyk mei de pipernuten leine de krystballen ek al yn ‘t skap.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Langstme nei it wykein

logo.ensafh

As ik moarn dochs oan it wurk moat, dan sil ik ek in boek bestelle fan Diet Huber om moarn op te heljen. Ik tink dat it Blinder de Boekeflie wurdt. Eins moat ik ris in hiele dei nei Tresoar, want dy argyfstikken mei ik net mei nei hûs ha. Dy wol ik allegear graach ynsjen. Ik bin op it stuit hiel benijd nei mooglike deiboeken en hânskriften fan earste ferzjes fan ferskes.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Willem Tjebbe Oostenbrink op Meander

logo.ensafh

Willem Tjebbe Oostenbrink (Grijpskerk, 1963) dicht in het Westerkwartiers (West-Gronings) en in het Nederlands. Hij debuteerde in 2013 met de Groningstalige bundel Opdreugde troanen (Opgedroogde tranen) en ontving de Duitse Borslaprijs (2014) en de Freudenthal Aanmoedigingsprijs (2010). Zijn poëzie ademt warmte, humor, liefde voor de taal en cultuur. Zij lijkt op het eerste oog verbonden met zijn geboortegrond, het Groninger Westerkwartier, maar bij nadere beschouwing breder, universeler. Dichten is voor hem de werkelijkheid vangen, doorgeven en weer loslaten. Hij heeft gepubliceerd in tijdschriften als het Groninger Krödde, het Friese Ensafh, het Drentse Roet, Noach’s Kat.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Henk Wolf: Is it Biltsk in mingtaal?

logo.ensafh

Is it Biltsk in mingtaal? Paulus van Sluis, Eric Hoekstra en Hans van de Velde skriuwe fan al. Eric ljochte juster op dit plak ta wêrom’t se dy konklúzje lûke. Marc van Oostendorp giet noch wat fierder. Hy skriuwt op Neerlandistiek.nl sels dat it Biltsk in Hollânsk dialekt en in Frysk dialekt is. Ik ha de stikken op my ynwurkje litten en freegje my ôf oft der – mei de gegevens fan Van Sluis-en-dy yn ’e hân -net likefolle reden is om it Biltsk as in Hollânsk dialekt te sjen, sa’t dat oant no ta almeast dien waard.

Lês fierder by It NijsLês fierder