Tusken 25 july en hjoed sit – rom besjoen – trije moannen. Al dy tiid haw ik neat skreaun op myn bloch, gjin letter. Ik lûk it laad mei ferlechjes iepen, en sykje ûnder de letter “T”. Fan tiid bygelyks. Ik jou it ta, ik brûk dat ferlechje “tiid” wol faker, mar no is dat net samar. De ôfrûne tiid ha ik écht gjin tiid hân. De ôfrûne moannen wienen foar my in soarte fan wedstriid. Myn tsjinspieler wie it waar, mei de waarman fan it sjoernaal as skiedsrjochter.
Lês fierder by Kitty Madison… Lês fierder